Homoplatform siket gearwurking

23 maaie 2008 - 17:22

It Homoplatform Fryslân en Hegeskoalle NHL út Ljouwert sille gearwurkje foar de sosjale akseptaasje fan homoseksualiteit.

Sa sille studinten fan de mediaoplieding it Homoplatform ûnder oaren helpe by de organisaasje en promoasje fan de Rôze Wike yn 2009. It Homoplatform wol de Rôze Wike de kommende jieren mear in feest foar eltsenien meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)