Provinsje wol ynfloed reder

23 maaie 2008 - 16:56

De provinsje wol sels bepale hokker rederij der fart tusken de Waadeilannen en de fêste wâl.

No hat it ministearje fan Ferkear en Wettersteat de ferantwurdlikens foar it ferfier. It ministearje is lykwols drok dwaande mei nije wetjouwing. Sa moat it ferfier tenei regele wurde yn in konsesje. De provinsje soe dat ek goed dwaan kinne, sa fynt ferkears-deputearre Piet Adema. De provinsje is al ferantwurdlik foar it iepenbier ferfier oer de dyk yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)