Weriepening Meijer St. Jabik

© Omrop Fryslân
It metaalbewurkingsbedriuw Meijer fan St. Jabik is freedtemiddei feestlik weriepene. It metaalbewurkingsbedriuw is bot útwreide. Mei-inoar is der goed fiiftûzen kante meter bedriuwshal bykaam. Dat wie mear as needsaaklik omdat it hieltyd drokker wurdt.
Meijer is tegearre mei griente- en fruitgruthannel Smeding fan Sint Anne ien fan de grutste wurkjouwers yn it gebiet. Sa wurkje allinich by Meijer al 200 minsken.