Ungelok Omrin Aldehaske

23 maaie 2008 - 16:24

Freedtemoarn hat der op it terrein fan ôffalferwuker Omrin yn Aldehaske in frontale botsing plakfûn tusken in frachtwein en in bestelauto. Hjirby is in 40-jierrige man út Surhústerfean ferwûne rekke.

De 40-jierrige frachtweinsjauffeur fan It Hearrenfean seach de bestelauto fan it slachtoffer oer de holle, omdat hy in auto fan links yn de gaten hâlde. De man út Surhústerfean is troch de brânwacht út de auto helle en nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)