Smook- en stookferbod bosken

23 maaie 2008 - 15:08

Yn de bosken en de heide- en feangebieten yn de gemeente Weststellingwerf mei sûnt freed net mear smookt wurde.

Ek jildt der yn ferbân mei de oanhâldende droechte in stookferbod. Foar Eaststellingwerf jildt al langer sa'n ferbod. It is ferbean om iepen fjoer te meitsjen, sa as in kampfjoer, fjoerkuorren en fakkels. Ek mei der yn de bos- en natuergebieten net barbecued wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)