Tsjûgen mishanneling socht

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling fan in 35-jierrige frou út Ljouwert, ôfrûne woansdei.
De frou waard op it Cambuurplein yn Ljouwert by har auto fan achteren oanfallen. Se foel op 'e grûn en krige doe in oantal trapen tsjin har rêch en bûk, wêrtroch se út 'e tiid rekke. De frou hat net sjoen wa't har mishannele hat. De plysje wol dêrom witte oft der minsken binne dy't wol wat sjoen hawwe. Dy kinne har melde by de plysje.