Ljouwerter fêst foar brannen
De plysje hat in 39-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't sûnt 1996 foar in flink oantal brannen soarge hawwe soe yn Ljouwert, Snits, Wolvegea en Bakkefean.
It gie foaral om autobrannen, brannen yn skuorren en in wenningbrân yn Snits, yn febrewaris fan dit jier. De brannen soene foar mear as 125.000 euro oan skea oanrjochte hawwe.