Visser kandidaat wethâlder

23 maaie 2008 - 11:06

It CDA yn Kollumerlân tinkt yn de 26 jierrige Hilbrand Visser in goeie ferfanger fûn te hawwen foar wethâlder Hogendorp.

Hogendorp hâldt ein juny op, omdat er nei 10 jier ta is oan in nije útdaging. De partij stelt no foar Hilbrand Visser as opfolger te kiezen. Visser is sûnt 2002 lid fan it CDA, en sit twa jier yn it partijbestjoer yn Kollumerlân. Meikoarten nimt de gemeenterie in beslút. Visser soe ek loko-boargemaster fan Kollumerlân wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)