Wurkstraf sliepende skipper

23 maaie 2008 - 10:59

De skipper dy't ferline jier in fakânsjehúske oerfarde by Grou is tongersdei foar de rjochtbank yn Ljouwert feroardield ta in wurkstraf fan 200 oeren, werfan 100 ûnder betingst.

Ek moat hy in jildboete fan 2100 euro betelje om't hy net genôch rêst naam hie. De skipper wie yn sliep fallen, syn skip rekke út koers en farde de wâl op, tsjin de rekreaasjewente oan. It gesin yn it fakânsjehúske kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)