Oanhaldings konifearebrannen

© Omrop Fryslân
De plysje hat in 23-jierrige en twa 19 jierrige manlju út Drachten oanhâlden op fertinking fan brânstifting.
De manlju stutsen de ôfrûne wiken ferskate konifearehagen yn 'e brân yn de Drachtster wyk De Folgeren. Ofrûne tiisdei waard de 23-jierrige fertochte op 'e died betrape. De oare twa fertochten waarden yn 'e dagen dêrnei oanhâlden. Alle trije hawwe yntusken bekend. Se diene it út ferfeling en fanwege de sensaasje. Alle trije mannen binne yntusken frijlitten.