Hashemi nei SC Joure

23 maaie 2008 - 08:57

Sportklub De Jouwer hat wer in nije spiler oan de seleksje taheakke. It giet om Tarek Hashemi. Hashemi spilet op dit stuit noch foar sneonshaadklasser ONS Snits. Hy kaam dêr yn it ôfrûne seizoen net faak oan fuotbaljen ta. Hashemi hat earder spile yn de beloften fan Cambuur.

De Jouwer spilet kommend seizoen ek wer op haadklassenivo en is drok dwaande om de seleksje oan te fullen. De Jousters sykje benammen noch om in sintrumspits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)