Debreczeny wethâlder Zeewolde

© Omrop Fryslân
Ald-wethâlder Jos Debreczeny fan Dantumadiel wurdt de nije wethâlder fan de gemeente Zeewolde. De ChristenUnie hat him as kandidaat foardroegen. De 52-jierrige Debreczeny hat 12 jier wethâlder west yn Dantumadiel. Yn 2006 moast hy ophâlde, omdat hy as wethâlder de maksimale termyn fan 12 jier úttsjinne hie.
Yn Seewolde wurdt no in nij kolleezje gearstald, omdat de ChristenUnie dêr yn desimber út stapte.