Jensma heechleraar Frysk

Goffe Jensma giet oan de slach by de RUG
Histoarikus en heechleraar Frysk Goffe Jensma is beneamd ta heechleraar Frysk oan de Faculteit der Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is de opfolger fan professor Ger de Haan dy't ein dit jier mei pensjoen giet.
It is syn twadde funksje as heechleraar. Yn 2006 krige hy deselde funksje oan de Universiteit fan Amsterdam. Jensma promovearre yn 2004 op in stúdzje nei it Oera Lindaboek. Hy wurket ek as wittenskiplik ûndersiker oan de Fryske Akademy.