Pieter Jan Postma klimt net

22 maaie 2008 - 18:18

Finn siler Pieter Jan Postma fan Terkaple is nei de twadde dei fan de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik stean bleaun op it sechsde plak. Postma foer yn de tredde en fjirde race nei in tsiende en in fiifde plak. Hy hat no 22 punten.

Lieder is Gasper Vincec út Sloveenje mei mar fjouwer punten. Hy skoarde twa earste en twa twadde plakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)