Wer massasprint Olympia's Tour

© Omrop Fryslân
De langste etappe yn Olympia's Tour oer 227 kilometer fan Hasselt nei Gerwen einige tongersdeitemiddei opnij yn in massasprint. Jos Pronk, ploechmaat fan Lieuwe Westra, wie de rapste. Westra kaam sels as sechsde oer de streek.
Yn it algemien klassemint klom de winner fan hjoed nei it twadde plak achter lieder Lars Boom. Lieuwe Westra is fjirde op 16 sekonden. Freed earst in koarte etappe en yn de jûnsoeren in yndividuele tiidrit oer goed 18 km.