19 musea yn Markant Friesland

De Brink is ien fan de 19 musea
Under de namme Markant Friesland wurkje 19 musea yn Noardeast Fryslân tenei gear. Guon draaie folslein op frijwilligers en ha it dêrom hieltyd dreger de kop boppe wetter te hâlden. Mei in mienskiplike folder en webside wolle de musea mear besikers lûke.
Jild en persoaniel foar grutte reklamekampanjes ha de meast lytsere musea yn 'e Noardeast-hoeke net. Dêrom bondelje se no har krêften yn Markant Friesland.