Marije Faber earste by Yngling

© Omrop Fryslân
Sylster Marije_Faber stiet nei de twadde dei fan de Delta_Lloyd_Regatta yn Medemblik op it earste plak yn de Ynglingklasse. Mei stjoerfrou Mandy Mulder en foardekker Merel_Witteveen pakte Faber yn de fjirde oant en mei de sechsde race in diskwalifikaasje en in earste en in twadde plak.
De boat mei de Friezinnen Brechtje van der Werf en Marije_Kampen stiet nei de twadde dei achtste. De Delta Lloyd Regatta, foarhinne de Holland_Regatta, duorret noch oant en mei snein.