'De macht fan groep 8'

22 maaie 2008 - 12:19

De bern fan groep 8 fan de basisskoallen yn Wymbritseradiel binne tongersdei de baas yn harren gemeente. Elk jier wurdt dêr 'de macht fan groep 8' organisearre. Dit jier is it ûnderwerp Sinleas geweld en Fandalisme.

De bern moatte sels plannen meitsje en presentearje oan de oaren. De plannen giene net echt oer it ûnderwerp mar mear oer boarterstunen. Boargemaster Reitsma fan Wymbritseradiel ûntfong de bern op it stedhûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)