Minder post troch staking

Staking TNT-sortearsintrum Swolle
Troch in staking by it sortearsintrum fan TNT-post yn Swolle wurdt der tongersdei minder post besoarge. De postboades rinne harren rûtes wol, mar besoargje allinne roukaarten en medyske post. De staking is it gefolch fan it skeel dat de fakbûnen mei TNT ha oer in nije CAO.
Tongersdeitenacht tolve oere begjint it wurk by it sortearsintrum wer. TNT hopet dêrnei de achterstân sa gau mooglik yn te rinnen. Freed prate de fakbûnen en TNT wer oer de nije CAO.