Frou út Frjentsjer ferwûne

© Omrop Fryslân
In 41-jierrige frou út Frjentsjer is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn Hjerbeam. It slachtoffer ried op har bromscooter oer it fytspaad doe´t se oanriden waard troch in 64-jierrige autobestjoerster út Harns. Dy hie de frou op de bromscooter oer de holle sjoen doe´t se nei rjochts gie.
De frou út Frjentsjer hie ferskate ferwûnings en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.