Jouster falt fan ljedder

22 maaie 2008 - 10:12

In 75-jierrige Jouster is woansdei ferwûne rekke doe't er fan in ljedder foel. It slachtoffer hie op it dak fan syn garaazje in tafel set. Op de tafel hie er in ljedder pleatst om sa by de nok fan syn wenning komme te kinnen.

Doe't de Jouster op de ljedder stie, begûn de boel te ferskowen en foel de man nei ûnderen. Hy kaam telâne op in ljochtkoepel en rûn ferskate snijwûnen op. Mei in heechwurker fan de brânwacht waard er der weihelle en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)