FNP: provinsje te betutteljend

22 maaie 2008 - 09:45

De provinsje is te 'betutteljend' yn it debat oer alkoholmisbrûk. Dat sei de FNP woansdei by de behanneling fan de plannen foar de provinsjale oanpak oangeande it werombringen fan alkoholgebrûk ûnder jongeren.

De provinsje hat net in soad foech om problemen echt oan te pakken om't it Ryk de wetten makket. De útfiering dêrfan, lykas hanthavening, wurdt dien troch gemeenten. Deputearre Schokker begrypt de krityk net. De Steaten hiene sels frege om mear aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)