Sintrale As goed foar ekonomy

Foar fêstigingsplakken foar bedriuwen binne goede diken wichtich
De oanlis fan de Sintrale_As is tige wichtich foar de wurkgelegenheid yn Dokkum en omkriten. Ek de komst fan de westlike rûnwei smyt in_protte ekstra banen op. Dat sei de direksje fan spuitbusfabryk Enna_Aerosols woansdei by in besite fan de CDA-fraksje oan it fabryk.
It bedriuw wol de kommende jierren in nij fabryk bouwe en trochgroeie nei 150 wurknimmers. Sûnder de nije diken wurdt dat lestich.