Fryske sjauffeurs gau frij

Frachtweinsjauffeurs Klaas-Jan Bolt út Harns en Klaas H. fan Warkum komme gau frij. De rjochter yn Bordeaux hat beide woansdei feroardield ta 5 jier sel foar drugshannel. De sjauffeurs sitte al in pear jier yn foararrest yn Frankryk.
Yn dat lân hoege selstraffen mar foar de helte útsitten te wurden en dêrom kinne de sjauffeurs al gau frijkomme. De offisier fan Justysje kin binnen 10 dagen tsjin de útspraak yn heger berop gean.