Trasee Heak om Ljouwert klear

© Omrop Fryslân
De komst fan de ´Heak_om_Ljouwert´ is wer in stap tichterby. De provinsje hat it definitive traseebeslút fan ´e nije westlike rûnwei nei it Ryk stjoerd.
Minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat moat úteinlik tastimming jaan wêr´t de dyk krekt delgiet. De provinsje hopet dat de Heak om Ljouwert ein 2010 of op syn lêst begjin 2011 oanlein wurde kin. Nei oerlis mei de omjouwing binne der noch wol in pear oanpassings dien.