Ynfoljen fakatueres is dreech

21 maaie 2008 - 15:13

It wurdt hieltyd dreger om yn Fryslân minsken te finen foar de fakatueres dy´t der binne. Dêrom wurkje de 31 Fryske gemeenten no mear gear om derfoar te soargjen dat nije banen better ynfold wurde.

De kommende fjouwer jier komme der neffens wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert sa´n 3000 banen by. De banemerk dy´t woansdei en tongersdei hâlden wurdt, wol gemeenten stimulearje om nije fakatueres better yn te foljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)