Provinsje pakt N381 oan

© Omrop Fryslân
De provinsje pakt de dyk tusken Drachten en de Drintse grins op seis plakken oan. De feroarings komme op krúspunten yn it noardlike trajekt tusken Drachten en Donkerbroek en it súdlike part tusken Easterwâlde en de Drintse grins.
De provinsje komt mei oanpassings nei oerlis mei de streek. De dyk wurdt mei de wizigings wol 5,5 miljoen djoerder. De kosten binne no meiïnoar hast 80 miljoen euro. Dêr komme de kosten foar it middenstik noch by.