Fryske bakker nei Peking

© Omrop Fryslân
Marco_Lenes (21) fan It_Hearrenfean is frege foar it team dat bôle bakt foar de Nederlanners dy´t meidogge oan de Olympyske_Spullen. It team bestiet út tolve bakkers. It moat de sporters alle dagen foarsjen fan farske bôle.
Lenes is noch dwaande mei de oplieding foar bakker. Yn it wykein wurket er yn de bakkerij fan syn âlden. Hy is tige bliid mei de útnoeging foar Peking. Lenes is ek fan doel om it hockeytoernoai fan ´e froulju te folgjen, as er de kâns krijt.