Kontrôle op parkearplakseks

21 maaie 2008 - 09:41

De plysje hâldt in tal parkearplakken tusken Dokkum en Mitselwier ekstra yn ´e gaten. Dat antwurdzje boargemaster en wethâlders op fragen fan ´e PvdA yn Dongeradiel. Dy makket him soargen oer de parkearplakken, omdat dy brûkt wurde soenen foar seks.

Op ynternet wurde de plakken promoate as moetingsplak. Boargemaster en wethâlders binne mei dy situaasje bekend en litte dêrom de plysje ekstra kontrolearje, sa hawwe se de PvdA witte litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)