Utspraak drugsproses Bordeaux

De rjochtbank fan Bordeaux
De rjochter yn Bordeaux docht hjoed útspraak yn de saak tsjin twa Fryske frachtweinsjauffeurs. Klaas Jan Bolt út Harns en de Warkumer Klaas H. wurde fertocht fan it smokkeljen en ferhanneljen fan drugs.
Tsjin Bolt is in selstraf fan sân jier easke, tsjin Klaas H. ien fan seis jier. Ek alve oare Nederlânske fertochten en in Poal hearre hjoed wat har straf wurdt. It giet om ien fan de grutste drugsprosessen yn Frankryk. De útspraak wurdt om 18.00 oere ferwachte.