Rûpepleach yn Fryske bosken

20 maaie 2008 - 23:42

Ikebeammen yn de Fryske bosken wurde dit jier pleage troch de rûpen fan de ikeblêdrôler. Troch it waarme waar hawwe de omstannichheden foar de rûpen ideaal west. Guon ikebeammen binne hielendal keal fretten.

De rûpen ite it jonge blêd en binne no hast oan it ferpoppen ta. Dan is de pleach oer en kinne de beammen har opbetterje. Tsien jier ferlyn wie der in grutte pleach fan oare rûpen: dy fan de winterflinter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)