Bystânsfroulju geane yn saken

© Omrop Fryslân
Ljouwert helpt 15 froulju mei in bystânsútkearing oan in eigen bedriuw. Se krije ûnder mear begeleiding by it meitsjen fan in ûndernimmingsplan, de finânsjes en it finen fan bedriuwsromte.
Sa hopet de gemeente froulju dy't dreech in betelle baan fine kinne, oan in eigen ynkommen te helpen. Grins begeliedt sokke startende ûndernimmers al langer, mei aardich sukses. Alle 1250 froulike wurksykjenden meie in idee ynleverje.