Wim Stroetinga 4e yn Appelskea

Wim Stroetinga fjirde yn Appelskea
Wim_Stroetinga fan Aldeberkeap koe it yn de tredde etappe fan Olympia´s_Tour mei de einstreek yn Appelskea krekt net oprêde tsjin it sprintgeweld fan de Rabobankploech. Coen_Vermeltfoort fan dy ploech wûn syn twadde etappe, klassemintslieder Lars_Boom waard twadde. Stroetinga kaam as fjirde oan.
Yn it algemien klassemint binne de ferskillen yn de top lyts. Lieuwe_Westra sakke nei it fiifde plak op 19 sekonden fan lieder Boom. Maint_Berkenbosch is 19e op 46 tellen.