Boete foar Cambuur

20 maaie 2008 - 17:10

Sportclub Cambuur hat fan de tuchtkommisje fan de KNVB in boete krige fan 5000 euro wêrfan 2500 ûnder betingst.

De boete is oplein nei oanleiding fan opskuor nei de wedstriid tsjin ADO Den Haag op 4 april. Cambuuroanhingers smieten doe stiennen nei bussen fan ADO Den Haag-supporters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)