'Pas op mei EK-fersiering'

EK-fersiering kin gefaarlik wêze
Minsken dy't harren hûs of strjitte fersiere by it EK fuotbal, moatte der goed omtinke. It kin gefaarlik wêze om alles yn it oranje te setten. Flachjes fleane somtiden gau yn 'e brân of se hingje oer de strjitte sadat der gjin ambulânse mear del kin. Mei dy warskôging komt de brânwacht yn Fryslân.
Yn 'e winkels is alwer in soad Oranjespul te keap. It toernoai begjint op 7 juny en sil hâlden wurde yn Switserlân en Eastenryk.