Nij sintrumplan foar Oerterp

20 maaie 2008 - 12:09

De ried fan Opsterlân praat fan 't hjerst oer de werynrjochting fan it sintrum fan Oerterp. Bewenners en ûndernimmers hawwe dêr in plan foar opsteld. Der moatte mear winkels en parkearplakken komme en de ferkearsfeiligens moat better. It plan leit oant 30 juny op besjen op it gemeentehûs.

Oer it Lijteplein bestiet ûnienichheid. De bewenners wolle dat it ferbean wurdt foar auto's, mar de ûndernimmers binne dêr net foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)