Poeierbrief by CJIB

Poeierbrief by CJIB
Twa meiwurkers fan it CJIB hawwe tiisdeitemoarn in skoft yn karantêne sitten. It giet om minsken fan 'e postkeamer. Sy ûntdutsen tusken de post in poeierbrief. Fuortendaliks waard it protokol yn wurking set. De twa meiwurkers waarden ûnder de dûs set en in tal oaren moasten nei bûten ta.
Al it personiel koe middeis wer oan it wurk. Wêr't it brief weikomt, is noch ûnbekend. It CJIB tinkt dat it om in grap giet.