Beammen Koudum meie bliuwe

20 maaie 2008 - 10:29

De beammen by de Martinitsjerke yn Koudum wurde foarearst net kapt. De gemeente Nijefurd hie yn 'e krante set dat de beammen kapt wurde mochten, mar doe moast dêroer noch in definityf beslút nommen wurde. Nei de publikaasje wiene yn it doarp protesten tsjin it fuortheljen fan de tolve linebeammen. Se soene it sicht op de tsjerke en de klok hinderje en soene dêrom fuort moatte.

De gemeente begjint no yn septimber mei it ûnderhâld fan 'e beammen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)