Nij Toutenburg: ynnovaasjepark

© Omrop Fryslân
It hjoeddeistige soarchsintrum Nij_Toutenburg by Noardburgum soe yn de kommende jierren omboud wurde moatte ta in ynnovaasjepark foar de soarch. Dat stiet yn it einrapport fan in ûndersyk nei de takomst fan Nij Toutenburg dat eigner Noorderbreedte op fersyk útfiere liet.
Oft de plannen ek echt útfierd wurde kinne, hinget neffens Noorderbreedte ôf fan mooglike ynvestearders.