Pieter Weening wer yn koers

Pieter Weening wer yn koers
Pieter Weening hat moandei syn earste wedstriidkilometers fan it seizoen lang om let riden. Yn de prolooch fan 3,7 km yn de Ronde fan Kataloanje waard de ynwenner fan De Harkema 139ste. De winst wie foar de Noar Thor Hushovd yn 4.37. Weening hie 27 sekonden langer wurk.
Foar Pieter Weening is dizze sânde wedstriid yn de Pro Tour de earste nei in ferfelende blessuere oan de knibbel. De ronde, mei in protte klimwurk, duorret oant en mei snein.