Echt gers yn Cambuurstadion

19 maaie 2008 - 12:52

Nei 5 seizoenen mei keunstgers kinne de spilers fan Cabuur takom seizoen it gers wer rûke, it echte gers. Boppedat kin in sliding wer útfierd wurde sûnder it risiko op brânwûnen. Moandei is yn it Cambuurstadion begûn mei it ferwiderjen fan it keunstgersfjild.

Ut ûndersyk die bliken dat de supporters de modder op de shirts misse. Echt gers past mei oare wurden better by de identiteit fan Cambuur, sa seit direkteur Alex Pama. It âlde keunstgersfjild wurdt ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)