Twa deaden by bedriuwsûngelok

19 maaie 2008 - 11:02

Yn in pleats oan de Tsjûkemarwei yn Sint Nyk binne moandeitemoarn twa Sint Nyksters fan 61 en 33 jier ferstoarn. It giet om de boer en syn skoansoan. De slachtoffers wiene yn 'e pleats mei in trekker mei draaiende motor jarre oan it mingen en dêrby kamen tagelyk koalmonokside en ammoniak frij.

De slachtoffers waarden fûn troch de KI-man. Dy skeakele de helptsjinsten yn, mar dy koene de slachtoffers net mear helpe. De KI-man is oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)