Autobrân yn Appelskea

19 maaie 2008 - 10:32

Yn Appelskea is sneintemiddei troch in noch ûnbekende oarsaak in auto yn 'e brân flein. De bestjoerster fan de auto, in frou (26) út Bovensmilde, wie ûnderweis fan Smilde nei Appelskea, doe't har auto samar útfoel.

Koart dêrnei seach se reek ûnder de motorkap weikommen. Mei help fan in foarbygonger besocht se it fjoer út te meitsjen, mar dat slagge net. De brânwacht hat it fjoer úteinlik útmakke. De auto rekke wol swier skânsearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)