Bussjauffeurs wer yn staking

leech station by stakings
Bussjauffeurs geane tiisdei, woansdei en mooglik ek tongersdei op 'e nij yn staking. In petear tusken wurkjouwers en fakbûnen yn it streekferfier hat sneon neat opsmiten. De wurkjouwers wolle de sjauffeurs yn 3 jier 12 % mear lean jaan en in 13de moanne.
De sjauffeurs moatte dan wol in kertier skoft ynleverje. Ek soene se yn ruil foar de 13de moanne 17 atv-dagen en de eine-jiers-útkearing fan 0,65 persint opjaan moatte. Unakseptabel, sizze de fakbûnen.