Cambuur Kika-aksje: heale ton

18 maaie 2008 - 21:22

Sportclub Cambuur hat krapoan 50.000 euro ynsammele foar de Stifting Kika, Kinderen Kankervrij. Cambuur die dat mei in fuotbalwedstriid tsjin in allstars-team fan Kika. Yn dat team spylen bygelyks âld-fuotballers Marc van Hintum en Fred Grim en soapies Bas Muis en Sascha Visser. Ek Cambuur direkteur Alex Pama spile foar it allstars-team.

Cambuur wûn mei 3-2. Der wiene sa'n 5.000 taskôgers by de wedstriid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)