Chris Wassenaar kening St Anne

18 maaie 2008 - 19:59

De frijeformaasje keatspartij yn Sint Anne is snein wûn troch Rutmer van der Meer, Jacob en Chris Wassenaar (kening). Yn de finale wiene se mei 5-2 en 6-4 Klaas Berkepas, Jan Willem van Beem en Daniël Iseger de baas. Yn de earste twa omlopen hiene de winners it folle dreger. Twa kear waard mei alles oan de hang wûn.

De lytse preemje wie foar Simon Minnesma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra dy't mei 5-2 en 6-2 ferlearen fan it partoer fan Klaas Berkepas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)