Man mishannele yn Drachten
In 45-jierrige man út Drachten is sneontemoarn betiid mishannele yn in horeka-saak yn syn wenplak. Yn de saak oan de Súdkade ûntstie rúzje. De Drachtster waard dêrby skopt en slein.
It slachtoffer waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje hat noch nei de dieders socht, mar koe se net mear fine.