Jild foar doarpen Hearrenfean

17 maaie 2008 - 13:11

De gemeente Hearrenfean wol de kommende seis jier yn de doarpen en wiken de basisskoallen, sportkompleksen en doarpshuzen opknappe. De plannen kostje 86 miljoen euro.

Fan dat jild wurde ek nije multifunksjonale sintra boud. Ien en oar stiet yn de nota 'Hart voor accomodaties'. Yn juny bûgt de gemeenteried him oer de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)