Minibikes yn beslach naam

© Omrop Fryslân
De plysje yn Dokkum hat tongersdeitemiddei de minibikes fan twa 14-jierrige jonges út Dokkum yn beslach naam. De plysje kaam yn aksje nei klachten út de omjouwing fan it Tolhúspark. Nei in achterfolging koe ien fan de jonges oanholden wurde.
De bestjoerder fan de oare minibike hie syn ferfiersmiddel stean litten en wie gau útnaaid. De jonge hat him letter melden by de plysje. De beide jonges krije in straf fia it HALT-buro, omdat se minderjierrich binne.