Premjêre Slachteliet 2008

Syb van der Ploeg hat sneontemiddei foar it earst live it Slachteliet 'Allinne rinsto noait' songen, in oersetting fan it bekende 'You'll never walk alone'. Hy die dat yn it programma Sport en Muzyk fan Omrop Fryslân.
Syb van der Ploeg waard dêrby begelaat troch de Fryske Jeugd Brassband en it koar fan de Ljouwerter krante. Sneon waard ek de nije brêge yn de Slachterûte offisjeel iepene.